Mienskip yn it doarpslibben.
Baas Anne Stellingwerf vertelt dat de Buorren altijd erg druk was in de middag, wanneer het middageten was afgelopen.
Veel arbeiders die in het dorp woonden gingen weer naar het land waar ze werkten die dag.
Ze kwamen elkaar in de dorpsstraat tegen, een deel ging naar de Jukema's, de Wijngaardens, een ander deel naar het noorden.
Ze hadden vaak een hondje bij zich ( men hoefde toen nog geen hondebelasting te betalen) en het was een drukte van komsa in de nauwe Buorren.
We geven hier een samenvatting van twee van zijn hand afkomstige artikelen, die verschenen in " De Stím fan Fryslan" en "Barradiel Meinoar len".

Hwat foarby is, hwat wy hawwe, wat wy krije.

De Buorren!
Kearn en potinsje fan it doarpsbistean! Sa wie 't roun 'e ieuwwikseling ek yn Easterbierrum.
Dèr katerjoegen, hoepjagen, toudounsen, knikten en sideplakboartten de skoallebern om it jiskegat en op 'e peallen.
Dêr waerd yn 'e jounskoften en sneins op 'e "hoeke" it nijs útwiksele en it kommentaer levere.
Winterdeis bij baes Wiebe, Klaas, Wiebe yn 'e smitterij en bij "melle" yn it bûthús.
Oer 'e dei van moarns fjouwer en fiven ta jouns seis en sawnen ien stik bidriuwigheit.
Pier Breimer dy't út de Súdwesthoeke nei Easterbierrum kommen wie as bakker en dy't nei it ôfbrekken fan de doarpsherberch op'e sleatswâl - baes Tsjipke boude dêr in streekje huzen foar yn 't plak, oan de noardkant fan de Keatsebuorren - de dranktaepforgunning der by krige.
By him waerd by trochgeand hynder en wein-forkear b0tendoar de hynders in heal roggebrea opfuorre, wylst binnendoar de stjurman in hertforsterking naem.
Oan 'e súdkant wennen neist it pasneamde streekje huzen Willem en SijkeTravaille en derneist de "earmmaster" Wytse Lyklema, omdat it in âld-skipper wie, meastal as Wytse Skipper oantsjutten.
Winterdeis dielde hy út namme fan de gemeente hwat turven en heal-breaën út.
Oan de eastkant, nou de Sparwinkel, húsmanne - winter- en simmerdeis altyd it bolhuodtsje op en it duffelsjaske oan – âlde Jabik, en omdat hy ek trou in prûmke efter de kiezzen hie, kin ik him oars net as Japik prûmke.
Drankjes helje foar de dokters Anema en Audier út Seisbierrum en hwat boadskippen forkeapje foarmen syn boarne fan ynkommen.
Links derfan wennen Sjoerd Douma en Reintsje; de man wie arbeider by Hilbrand Bruinsma en Reintsje bihearde infolsleine krûde- en grutterswinkel.
Derneist wie de Iapke- en pottewinkel fan Jelle Burggraaf; it neiteam draecht de fan Burghgraaff.
De âlde baes kin ik noch foar my krije: yn'e koarte broek en mei siden hoazzen oan, lykas ek Egbert Wetterauw, dy't op'e hoeke oan'e noardkant wenne neist Pier Breimer, al earder neamd.
Egbert wie de soan fan de lêste skoalmaster fan de iepenbiere skoalle, dêr't ús heit noch op gongen hat en dy't stien hat op it plak dêr't nou ldzinga syn bungalo stiet.
Egbert syn âlde lju hawwe wenne dèr't nou Sibren Piters husmannet.
Egbert sels, noch troud op lettere leeftyd, liet sûnder dat de minsken der erch yn hawn hiene, in âlde pultrom fol sulveren ryksdaelders en pânbrieven nei.
Oan de oare kant fan bakker-kastlein Pier, húsmanne Hindrik Rommertz, hwaens frou Antsje Marra ek wer in winkel hâldde.
Yn it efterein fan dit hoekh0s, dat op'e peallen útkaem, waerd in ierpelhannel dreaun, dêr't "Kêdde Kees"en SybeThys mei de snikke foar de oanfier stienen.
De "baes" sels, mei de swartsiden pet op, it swartbefke foar en de flewielen pantoffels oan, regele de ôfset, oant yn Amsterdam ta: rinnende nei Harns en dan mei de nachtboat foar twa kwartsjes fierder.
Oan de oare kant fan de buorren wie de weinmakkerij fan de bruorren Nauta, letter dreaun fan Willem van Vaals.
Noardein, tsjinoer mekoar, krige men dan de winkels fan Waling Tolsma's Tsjitske en Pier Djokes Wapke; de manlju gernierken derby op in pounsmietmannich lân.
Neist Piter Djokes de Vries kaem de smidterij fan baes Wibe Wiersma sr., de foarfaer fan alle smidten Wiersma yn wide omkriten.
De hiele buorren waerd fan moarns fiif oant jouns sawn ûre yn beslach nommen troch it hoepomlizzen fan weintsjillen, it hynstehoefbeslaen en folle mear, dat de haeiweinen en ierdkarren moasten lavearjende har paed fine.
Ek de timmerskuorre fan Thomas Nauta, broer fan de weinmakkers, soarge foar de nedige fortier.
Om 1900 hinne wie de timmersaek al oernommen troch baes Tsjipke Ruim.
Dat de Nauta's fuort teagen, kaem omdat hja ta de Grifformearde tsjerke hearden en de timmerskuorre Íoar de tsjerketsjinsten fan de dolearenden beskikber stelden.
De Herfoarmde boeren koene dit net daeije, dat de Nauta's koene net langer yn de doarpsgunst tiere en hja moasten, lykas âlde Jelle PitersZijlstra dy't op in tsjerkepleats wenne, it plak romje.
Njonken de smidterij wenne baes Manus van Vaals, de earste ferver yn ús doarp, dy't nei de Tsiendeiske Fjildtocht mei syn broer Jehannes, de heit fan Willem weinmakker, nei âs doarp kommen wie.
De drokte fan de ferverij: weinen, goaten, kezienen ensafuorthinne, wie mear efter op 'e terp.
Dêrneist húsmannen Ane Veenstra, de pettekeapman, en Durkje, de huodtsjemakster.
Dêrtsjinoer yn in steech wennen om 1900 hinne njoggen húshâldings, hwerby't nei in tifusepidemy binnen fjirtjin dagen fiif deaden útdroegen waerden.
Op 'e hoeke oan'e buorren stie it hûs fan baes "fluch", de skearbaes- skuonmakker Jan Schepenaar.
Fan de beukerskoalle, stifte troch de Herfoarmde tsjerkfâdden, dy't dan kaem, is de earste stien lein troch Petronella van der Valk yn 1879.
Dy skoalle wie foar ús doarp mei syn by útstek heech bertesifer in útkomst.
De tsiiswinkel derneist wie fan Jacob Hanenburg en doe't dy nei Amerika teach, waerd er oernommen troch Albert Winsemius en syn frou Maeike.
Yn de bakkerij fan Van der Veen kaem dernei Willem Offinga, faorhinne skipskok en letter troud mei juffer Van der Valk fan de beukerskoalle, dy't wer opfolge waerd troch juffer Sofia van Balen.
Njonken de tsiiswinkel, dy't al ôfbrutsen is, stiet op ôfbrekken de timmerwinkel, doedestiids biheard troch de markante doarpsfiguer Jelle Eizes Keimpema sr.
Dêrtsjinoer wennen skuonmakker Jacob van Loon en syn frou Brechtsje mei harren potte- en théguodwinkel.
Dêr dan wertsjinoer wie de koumelkerij fan de Sjutsje (Sjoerdje)-mannen; de hiele famylje is útstoarn en it âlde sté, mei weardefolle tegels en estrikken, isútroege.
Lt streekje huzen, ek al ôfbrutsen, wie yn it plak kommen fan in boereskuorre, dêr't de foarein fan efter it ek al ôfbrutsen bankgebou stie.
lt heucht my noch, dat deryn wenne Jeppe en Marije Dykstra mei harren greate húshâlding, dy't letter nei Amerika gien binne.
Dochter Aeltsje, dy't as fanke sa gleon seach, hat hjir letter noch ris west.
Hja hie mei help fan har man foar 22nije Amerikanen soarge.
Oan de eastkant wennen ûnder oaren noch Warmhout en Tryntsje.
Seis jier âld wie hy alhiel forklomme oan de sédyk oanrinnen kommen, hielendal út Grins wei.
De earste wurden dy't er sei, wienen: "Warm, hout, been," hwat foar de sédyksters genôch wie om to fetsjen hwat er woe.
Omreden dat er fan nammen noch neat wist, is er as Warmhout Been op'e gritenij ynskreaun.
lt soe my in dit forbân gjin nij dwaen as alle minsken dy't fan Been fiere, neiteam fan Warmhout en Tryntsje wêze soene.
Mei it neamen fan de bikende buorsters Hans en Grytsje van der Schaar en Jehannes en Aukje Posthumus binne wy de âlde buorren út.
Om folslein te wêzen oangeande de bakkersstân anno 1900 yn Easterbierrum, wolle wy noch it sté oanmerke, dêr’t Harm Abma en syn húsfrou Jeltsje húsmanne ha.
Dêr stiet nou it Rabobankgebou, dat jimme begripe: ek hjir is fan it âlde neat mear oerbleaun.
Neffens oerlevering wienen hja mei hwat spul yn in punterke út de Greidhoeke oankommen; hja hawwe it lok hawn, dat hja as wolstelde boargers har âlde dei yn "Villa Nova" oan de Stienzerstrjitwei slite koenen.

Wy meitsje in ein oan dit opsomjen fan minsken en hwat se om hannen hiene yn de buorren - hert fan de doarpsmienskip fan ús doarpke Easterbierrum.
Hannen to min yn it simmerskoft, winterdeis hwat setterje en kine, kaerte en rútsje-papa yn 'e bûthuzen en foar it jongfolk jounen to min om de kultueruteringen by te hâlden. It weromsjen yn dy tiid jowt by my, libbenslang, in ûnwennigens, as ik sjoch hoe't yn dizze tiid dy âlde Frysk-eigen struktueren towâdde wurde.
Hoe't it lân "rjucht ta - rjucht oan" forflakke wurdt en der nea wer plak is foargerniers, koumelkers en boeren, mar allinne foar jildsjitters en ekonomen.
Hoe’t it lêste monumint fan Kleaster Lidlum, de Kleasterhoeve, mei buldozers omlutsen waerd, sadat de "âlde friezen" wechendewear fleachen en der in ûnbidige ierappelbiwarloads stiet om alle lytsere biwarplakh âlders de "das om" to dwaen.
As ik dat sjoch, dan gjalpt it yn my omheech: "Hwat dogge wy noch mei âldfaers erf?"