”De myn” 1914-1918
Froeger as lyts famke seach ik it sulverkleurich rûne ding oer de âld feart yn Glazema ‘s tún lizzen.
Ik rekke der net oer út tocht en nou pas ha ik de dryste skuon oanlutsen om der wat oer te fernimmen.
Glazema en ‘e frou noegen my deryn en ik kriich it ferhaal.
Sa om en de by 1914-1918 mobelesaasje tiid moat it ding oanspield wêze ûnder Pitersbierrum.
De seedyksters wiene der tûk op om it gefal te demontearjen (tige gefaarlik) It koper waard der útsloopt, want dat wie jild wurdich.
Om net tsjin de lampe te rinnen dumpten se de myn yn it kanaal.
Letter lei hy jierren te pronk by boer Nouta yn Pitersbierrum.
Glazema syn heit; Foeke; kocht him fan in opkeaper en hat him te pronk set yn syn dahliatún. Der leit der no noch. Sa is myn nysgjirrigens nei mear as 60 jier befredige.
M.P. W.