In diel fan de Alde Buorren ± 1925, tichteby it tsjerkhôf.
Dit is ek it heechste punt fan de terp en dus it âldste diel fan de buorren.
De smid, baas Pieter Leijen, beslacht in hynder midden op strjitte.
Neist de smidte de âlde iepenbiere skoalle.
Dit gebou is letter by de smidderij kommen en yn 1999 ôfbrutsen.
Links kin men noch wat sjen fan it âlde gemeentehûs.
It is it nei fierste hûs foar it tsjerkhôf.
Fan 1832 oant 1903 hat dit it gemeentehûs west.
Derfoar stie it Gritenijhûs yn Minnertsgea.