FRIESCH LANDBOUWBLAD

,,Donia Zathe", Hornestreek, Seisbierrum

Om hwat mear fan ,,Donia" witten ha ik my yn forbining steld mei dokter Nammensma śt Wom mels, dy 't hiel hwat oantekeningen fan syn famylje biwarre hat.
Hy stelde op myn forsyk it hiele archyf foar my biskikber en oan 'e hān dźrfan ha ik in aerdich byld krige hoe as it der alear yn 'e Hornestreek buorke.
Sa as ik forline wike al skreau wie it doe Klein Meckema pleats Nū 5 Seisbierrum.

Yn 1698 Mr. Westerhuis en Titia Bogards eigener.

1700 Mr. Westerhuis eigener. Riemer Harmens brūker.

1708 Deselde eigener. Cornelis Jetzes brūker.

1718 Deselde eigener. Wid. Cornelis Jetzes brūker.

1728 Suffridus v. Westerhuis eige ner. Tjeerd Jelles brūker.

1738—'48 De Rector Cornelis Terpstra eigener. Tjeerd Gerbens brūker.

1758—'68 Dr Giliam Schultz eigener. Sjoerd Meinerts brūker.

1778 De heer G. Schultz no. ux, eigener. Sjoerd Meinerts brūker en eigener, fan 3 pounsmiet śt pleats nū. 7 Séisbierrum.

1788 Wid. Schultz eigenerske. Sjoerd Meinerts as yn 1778.

1798 Wid. SchuLtz eigenerske. Meindert Sjoerds brūker en eigener, fan 3 pounsmiet śt pleats nū. 7.

1818 Meindert Sjoerds .Donia en Aafke Jelles Juckema eigener en brūker fan nū 5, fan trije punsmiet śt nū. 7 en fan ± 60 punsmiet to .Easterbierrum. 1838 Deselde eigener. Sjoerd M. Donia en Geertje J. Post brūkers.

1850 Metndert Sjoerds Donia en • Neeltje Sjoerds Doniaeigeners, lyk as 1838.

1905 Nammen Nammensma en Neeltje Sjoerds Donia brūker.
Letter Wid. Nammensma-Donia brūker.

1905-1921 Nammen Nammensma.

1921-1936 Gerrit Nammensma en Sietske Tiemersma. Sa wie dan it forrin fan de biwenning fan Donia. Nou binne der noch ūnderskate oantekeningen yn de fam. Nammensma biwarre bleaun. Omdat dy in aerdich byld jowe hoe as it buorkjen alear wie en ek hoe as de oerdracht fan de pleats nei de fam. west hat, folget hjiroer noch it ien en oar.

Ut de floreenkohieren is nei to gean dat yn 1798 Wid. Schultz eigenerske is.
Yn 1804 keapje Meidert Sjoerds en Aafke Jelles in pleats ,,aan de Oudedijk of Hornestreek onder Sexbierum” , great 64 pounsmiet en in 60 pounsmiet ūnder Easterbierrum foar 25507 Crl. Gld. 2 stūren en 8 penningen.
De keappriis moat bitelle wurde May 1805, 1806 en 1807.
Maeije 1805 wurdt in trźdde part bitelle.
It skynt dat it letter net sa goed gyng hwant yn 1812 passeart d’r in skuldbikentenis en dy wie: ,,Vrouwe Titia Terpstra Wed. van wylen Giliam Schulz in leven geweest Advocaat woonende te Franeker, domicilium citandi eligerende ter haren huize binnen Franeker, schuldeischese van Meindert Sjoerds huisman en Aafke Jelles echtelieden te Sexbierum schuldenaars van zes-tienduisend caroliegulden of te volgens de fransche munte drie en dertig duizend-zeshonderd francs, zegge francs als reste van meerdere klinkende munte ter zaake koop van een Zathe en Landen huisinge en schuur cum anex geleegen te Sexbierum en schietende een gedeelte landen onder Oosterbierum groot in het geheel 123 pondemaat zo greid zo bouwlanden ten deele aan de hornestreek ten deele aan de slagdijk gelegen, met intresten die tegen 4 carl. Gld. Van ieder 100 in het jaar”.
Dan folget noch hwat ambtelik skriuwen, mei in foar dy tiid jildend foarskrift (it. wie Frānske bisetting)
,,Inscoit ledia neuf Novembre 1812 an bureaus des hypotheques ą Leeuwarden rol 15 no 267 recu le Ek by in forkeaping yn 1802 moat d'r mei de Frānsken rekken hālden wurde, mar dźroer de oare wike. H.

Bron: R.Kamstra.