IISREVUE 1907 – 1982

(As it doek opgiet stiet der in sûkeladetintsje op it iis.
2 âldere minsken-Engbert en Nyskje-stean yn it tintsje.
Slide stiet der neist, alles stiet ree.
Petroaljestel ensf. hja binne wat oan it steuterjen.

L ieuwe Herrema is Engbert en Nel Jansma is Nyskje:

Engbert: No it rint net sa drok hjoed.

Nyskje : Hoe kin dat no, oanrinne, se reedride dochs ! mar it is yndied net sa drok hjoed."

E: Och ju as aanst it waar wat mylder wurdt en de wyn giet wat lizzen, dan komme se wol.

N: As dat net sa is, sitte wy mei in strop en in protte molke.

E: No dat wurdt mei dit waar net sa gau soer.

( Baanfager fan de iiswegensintrale komt op )
Baanfager: Poppe de Valk:

Baanfager:Wat is it ferrekte káld net. Ik moat mar in kopke waarme molke hawwe, Nyskje.

N: ( Jout him in kopke molke)

E: Hoe leit de baan der oars hinne?

B. No nei Frjentsjer liket net sa min, mar nei Berltsum is minder, in protte kwalster en modder op it iis.
( Der ride in pear minsken oer it toaniel en E. ropt )
“Leg erris aan minsken” (Riders gean troch)

E. No dy hewwe gjin toarst leau ‘k!
(Dan komt der in jong pearke oan.
Hja is wurch en se ploffe yn it tintsje del)

Haeije-Jelle Warringa en Reintsje-Renske:

Haeije: No Reintsje ju sitte dyn redens dan wol goed,dast sa wurch bist.
Sil ik se efkes op 'e nij ûnderbine?

Reintsje; Ja dy rjochter reed sit my as in dweil sa s1op.

H: No ju doch se dan salang efkes ûnderwei.

R. Nee dat wol ik net .

H: Wo1 ik ‘m dan efkes ferbine?

R: Ja ferbyn him mar efkes.

( Haeije opé knibbels oan it opbinen )

H: (Sjocht noch efkes op)
Wy moatte earst mar wat sûkelade ha.

N: No dat kin skoan jongelju (bringt it)

R. No ja, ferbyn no earst mar!

B. De molke smakke goed Nyskje! Kom ik sil mar werris oan'e slach.
(hy begjint wer te faaien en ropt "tink om de baanfager" )
(Dan komme."Fader en Moeke" op yn âIde klean.

Moeke hàIdt fader fêst by de 1ange jas, beide krukkerich.
Mei de hannen foarút op é tafel,pûste!

Fader; Jan Bandsma en Moeke Anneke de Valk:

Fader: Da’s it earste uur fan de marteling.... nou noch sun uur en dan bin ’k in 1iek. Geef mij in bakje melk fan jouw. (N : jit yn)

Moeke: En mut ik niks he soms? (ploft op ‘e bank)

Fader: As ieder foor him sels sorgt, dan gaat er niemand ferloren ( falt oan de oare kant op de bank del)

Haeije: No Reintsje sit er sa goed ju?

Moeke: Jirnme binne fast oek noch níet lang troud weest wel?

Nyskje: Ei minske kinne jo dan net sjen dat se noch mar feint en faem binne?

Haeije: No Rein lea, as se dy nóch net noflik sitte dan wol ik se graach noch wolris op nij ferbine hjer?

Nyskje: No kinne jo it ek noch hearre.
Moeke: It is krekt soa at de frou seit" Soalang as se ons noch niet hewwe,dan wille de mânlie ons hast wel ôfslikke….
Mar as se ons ienkear yné boeiens hé ( sjocht dat fader syn molke opdrinkt): Hewwe jouw niet foor mij besteld fader?

Fader: Ja hurres moeke, ik hoef niet alle gedurigen te seggen dat ik niet foor alle minsen sorge kan.

Nyskje: Jimme binne fêst man en wiif/frou net?

Moeke: Helaas ja, skink my oek mar wat in as jo wille.

Haeije: No Reintsje,wolst noch in g1ês punch of sa ha? Ei ja mar net?

Moeke: Hier falt foor jou noch heel wat te leeren fader, as je naar dizze jonge man siene.

Fader: As ie naar mij siet, leert ie grif noch feul meer.

Moeke: ( Baarnt har by it drinken ) 0h fader! Gloeiend...

Fader: Ja as jou oek soa roppich weze wille"...

Moeke: Jou hadden my dochs even warskowe kannen niet?

Fader: Krekt as ik anders niks te doen hew (drinkt) .

Reintsje: No wo1 ik wer fierder Haeije. Wy hawwe hjir no a1 salang sitten' It is sûnde fan dy skoandere tiid.

Haeije: Ja fanke ik bin sa klear...

Reintsje: No kom ju..

Haeije: Ja ik moat earst noch betelje. Sa is ‘t net? wolst ek noch in reep mei hawwe foar ûnderweis?

Reintsje: Nee ik wo1 fuort toe no ju

Haeije: Ja ja, hjir bin ik al (kriget har by de hân)

Moeke: (Hat it spul ferheard oansjoen) No it is in merakel (slacht de hannen ynelkoar )

Reintsje: Ja sjoch, sà'n ien haw ik no!

Moeke: Ja lieve kien, noch al Mar as jou kanarie ouder wurdt, dan sal iefansels wel fals beginne te singen….

Fader: Wy daliks oek mar even rekene.

Engbert: J a dat is goed, 2 kopkes molke, 10 sinten.

Moeke: Wy mochten dit wel kedo hewwe as beloaning dat we hier hene krast binne,se smerich is de baan.

Fader: Kiek se is ‘t nou?

Moeke: Nou kom fader (oerein) wij gane furt!

Fader: Ja hurres -- bij it leger der mut ik mij komendeare 1ate, mar op it iis bin ik frij man.

Moeke: 0 heden: Hew ik nou al te feul seit? Dan hadden jou soa pas die jonge meid es hoore mutten. wat dy tegen har frijer sei.

Fader: Soalang as je nog frijer binne, Dan bin je gien troud man nou? O!

Moeke: Wat ville jou daar met segge?

Fader: Dat in frijer in 'e regel syn ferstán nog niet het) mar in troud- man wel.
Al is it dan wel wat laat…. Nou (oerein) Ik bin klaar, Ik weet niet ast jou- past? (skarrelt fuort) Goeiendag.

Moeke: Man, wat skeelt jou! Ik kan niet fliege wel? Doe't ik it sei wuden je niet en nou is ‘t krekt oft der brán is.
(Skarrelt fader efteroan).

Engbert: No dat wie in moai stel net?

Nyskje: Ja ju dy kamen út Ljouwert oan ‘e spraak te hearren. In ein hjer.
Krije noch in hiele skower yn ‘e wyn op om foar tsjuster thús te wezen.

Engbert: Wat seiste, wy pakke it spul ek mar werris op net foar ’t aanst Tsjuster is.
Klanten komme der dochs net folle mear.

Nyskje: Nee dat tink ik ek net. De Tsjommearumers bínne ek frii hjoed!

Engbert: Sille wol by Bok yn ‘t kafee sitte tink want der wie hjoed. hurdriden op 'e put en yn ‘t Wapen wie de priisútrikking.
(Underwilwnes spul yn é slide pakke,tsjettels, molkbus, petroaljestel,petroaljebus, kopkes ensfh.)
(As alles ynladen is noch efkes nei it publyk wiuwe en “goeie”roppe )

Froutsje: Jierren is der praat yn Tsjommearum.
Oer in ‘keunstiisbaan’ of sa.
Mar it bLiuwde hieltyd by praten.
Dieden kaam men net oan ta.
Lân derfoar wie net te besetten
En it jild wie ek wat krap.
Om alles foarelkoar te krijen.
Koste fêst in fikse hap.
Mar einliks yn 1960.
Kaem der wat skot yn ‘ t spu1.
Jild koene se doe skaplik liene.
En wat minsken wiene tige "gul".
0min stik lân foar ús ôf te stean.
Ta it ferkrijen fan in baan.

Mantsje: Sa binne wy doe fierder buorke.
Ik neam ien namme Cor van der Laan.
Mar ik soe net earlik wêze.
As ik Fokke Buren fergeat.
Hy stie in stik fan syn lân of.
It stiet my by foar neat.
Ek Willem Hogerhuis woe ruilje.
En dêr sûnder koe ‘t net ta.
Prachtich dat al dizze minsken.
Sa'n "doarpisme" yn harren ha.
Elts hat sa, de iene mear de oare minder.
Mei holpen oant krijen fan ús baan.
Wy si1le no wat provisoarysk.
In sketske oer dizze iepening jaan.

( Muzykkorps spilet op de bân)
Fan loftskomt it bestjoer fan doe (1961)mei de beide wethâlders(van der Ploeg En Faber)
Faber kriget fan de foarsitter in skjirre en knipt it lint troch oer de brêge
En hy ferklearret dêrby de nije iisbaan fan Tsjommearum foar iepene.
Frysk Folksliet (op bân) Hiele seal kin steande wol meisjonge!)
Foarsitter: Minsken de baan is iepen. Kom op De hurdriderij foar froulju kin begjinne .

Frysk Folksliet

Frysk bloed. tsjoch op! wol no ris brûze en siede.
En bûnzje troch ús ieren om! Flean op! wy sjonge it bêste lân fan d'ierde.
It Fryske lân fan eare en rom. Klink dan en daverje fier yn it rûn.
Dyn âlde eare, o Fryske grûn . Klink dan en daverje fier yn it rûn.
Dyn âlde eare, o Fryske grûn .

1. As it yn ‘ e winter is.
En de iisbaan stiet al splis.
As de wyn nei ’t easten draait.
En de snie oer ’t lânskip saait.
As ‘t no friezen bliuwt en kâld.
En de iisbaan aanst al hâld.
As dan elts oer riden praat.
En it bestjoer dat is Paraat.

3. Bliuwt it waar sa goed nei ’t sin.
Dat men ek de feart út kin
Komt der oan 'e nocht gjin ein.
By foaral de jongerein.
Sy dy’t al wat âlder binne.
Sil it net litte kinne.
Freegje dan oan Jûkelburd.
Hâldt it iis wat langer hurd.

4. No giet der in hiele kloft.
Under de kleare loft.
Sinneskyn op snie rûnom.
Frylân is sa rom.
Hjir in mole noch yn ’t fjild.
Dêr in toer de loft optild.
Hjir en dêr fan snie in dún.
De wrâld in boarterstún

5. Wat men soms yn Fryslân hâldt.
Oars nearne yn é wrâld.
Alle Friezen libje mei.
Sa’n ferneamde ridersdei.
Wêr praet dan it minskdom oer.
Dat is de Alvestêden-toer.

REFREIN:

Ride ride by ús op it iis.
Suver alle minsken reitsje fan ‘e wiis.
Wat is dat riden wûndermoai.
It jout sa ’n wi11e bûtenroai.
Ride ride ride by ús, by ús op ‘t iis.

Froutsje : In grutte iisbaan is der kommen.
It is hast sûnder striid ferrûn.
Minsken mei in pear rjochterhannen.
En mei sûn ferstân ha wûn.

Mantsje: In âlde keet koe men besette.
En hat it alve jier lang dien.
Mar men begong te prakkesearjen.
Der moat in hokje op fan Stien.

Froutsje: Tekeningen waarden makke.
Om in boufergunning foar’t gehiel.
Om it foarinoar te krijen.
Joech fansels in bulte gepiel.

Mantsje: Mar it gemeentebestjoer wie willich.
Joech syn seine foar ’t gebou.
Doe wie Tsjommearum wer ienriedich.
Eltsenien kaam doe yn tou.

Froutsje: Om ‘e nocht hawwe in protte meidien.
It geboutsje wie samar fan ‘e grûn.
Stiet der no foar elts te brûken.
Dy mei de iisklub is ferbûn.

Mantsje: HuLde foar dy warbre mannen.
Hulde ek foar it bestjoer.
Eltsenien is hiir belêstige.
Mei it hillích iisklub-fjoer.

Froutsje: Gean sa troch noch lange jierren.
Soks ta heil fan hiel it gea.
ELtsenien kin sa wer merke.
De iisklub is noch 1ang net dea!

Jan Santema:

Maitiids as de fjilden Tille.
Fan it jonge fine grien.
Lamkes bûkelje fan wille.
Is 't mei de winter dien.
Hjir en dêr in ein mei piken.
Wite driuwers yn ‘e loft.
Is foar earmen en foar riken.
Ald en jong in noflik skoft.
Elk wit dit sil net bliuwe.
A1 is it noch sa fier.
De kalinder sil wer driuwe.
Nei de ein en dan yn ’t spier.

2. As de sudewyntjes djoeie.
Is de simmer yn it 1ân.
Fruchten groeie blommen bloeie.
Soms te grut foar ús ferstan.
it bûnte fee hat bêste weide
Alle dagen mar wer sêd.
Bijkes sûge it swiet út heide.
Keatsers stean op 't griene mêd.
Mar as de dagen koartsje.
Wit men, ’ t sil net bestean.
It is nóch mar in hoartsje.
Dan kin ‘t wer hinne gean.

REFREIN:

Kjeld en iis , win in priis, op ús eigen Fryske baan.
Eastewyn - sinneskyn, dat sil fole wille jaen.
Wat in nocht, wurdt ús brocht, mei sa’n bliere riiderij.
't Waarme bloed, polsket hjoed, jout grif wat frijerij .
Jong en âId, is net kâ1d,hâld de moed der fleurich yn.
Skreppe swier, streekje blier, yn en dan wer foar de wyn.

Hjerstmis as de stoarmen rûze.
Troch de beammen leech en keal.
Wylde Weagen skalprich brûze.
Loften driigje swart en feal.
As de fûgelkloften garje.
Geane nei it fiere lân.
Om it libben te bewarjen.
Wis, dan komt it al nei oan.
Op de iisbaan is it wetter.
Noch foar kobben – eineguod.
No noch efkes, dan is ’t better.
Winter jaget alles fuort.

Skuort de wyn der út nei 't easten’.
Strykt de moanne alles skjin.
Dan sil elk him dêrmei treaste.
Dy ’t mar jusjes ride kin.
Kin de iisbaan no al hâlde.
Of moat der in nacht noch by?.
‘t Moat by hjir en dêr net mâlder.
Sjit op mei dy riderij.
Redens komme dan fan boppen.
Alles stiet thús yn 'e brân.
Rûnom heart men skoalbern roppen.
"Toe sjit op, no giet it oan".

REFREIN : allegearre leste refrein.

Kje1d en iis, win in priis, op ús eigen baan.
Eastewyn - sinneskyn, sil gàns wille jaan.
Wat in nocht, wurd ús brocht mei sa’n riderij.
‘t Waarme bloed, polsket hjoed, jout ek frijerij.
Jong en â1d, is net kâld, hâldt de moed der yn.
Skreppe swier, streekje blier, yn of foar de wyn.

Froutsje: No sa hawwe wy de 75 jier wer hân.
It joech in hechte freonskipsbân.

Mantsje: Mar dat is alhiel net wier.
De iisklub bestiet giin 75 jier.

Froutsje: Wat silsto my no fertelle.
Ik ha it út betroubere welle.

Mantsje: En ik wit it út de earste hân.
De gearkomsten yn 't begjin hewwe it bedoarn.
Twa iier lang binne doe oergien.
Dus de iisklub hat gjin 75 iier bestien.

Froutsje: No soks is fansels geklets.
Do mei dyn healwiis geswets.
Yn 1907 binne se doe begún.
En de klub is noch altyd tige sûn.

Mantsje: Ja dat is fansels wol wier.
No foarút, net mear getsier.

Froutsje: Sa is ’t krekt, dêrom meielkoar.
Yn it goeie iisklub spoar.
Wy sjonge mei syn allen noch in kear.
A1 docht it Jo miskien wat sear.

Froutsje: It refrein fan ‘t earste ferske.
Do wist wo1 fan dat Tsjommearumer leske.

Meiinoar: IIsklub 75 jier, ja wier.
Jout, foar jong en âld fertier.
Jûn dit feest yn it kafee.
Is yn Tsjommearum fêst okee.