Rûchwei in forslag ta eare fan it 75 Jirich bistean fan de iisforieniging “TSJOMMEARUM EN OMKRITEN”.

De oprjochtings gearkomste wie op 11 februari 19O7 bij N.Miedema en der wienen 23 fan de 37 leden oanwêzig.
Yn disse gearkomst is ek it earste bistjûr gearstalt, folgens it regelemint njoggen man sterk, to witten:
Sj. Dykstra as foarsitter,
A. Sijbrandij as vice foarsitter,
S. Koopmans as skrieuwer,
H. Jorna as ponghâlder,
R. de Beer as vice-skrieuwer-ponghâlder.
Fierders wiene:
W. Harkema en M. Hiddinga baenkommissarisen.
T. swart ) wie oansteld as kommissaris fan oarder.
F. Braaksma ) wie boade, de lêst neamde siet net yn it bistjûr.
OP 26-maart - 1907 is der wer in gearkomste wer yn in kommissje fan ûndersiek is beneamd foar it oanlizzen fan in keunst iisbaen, (dit is in iisbaen sa as wy dy no kinne).
In kommisje fan viif man is der yn it libben roppen;
De hear T. Hoogterp,
De hear D. Oosterbaan,
De hear J. Swart,
De hear M. Stapensea,
De hear B. Visser.
It forslag fan disse kommissje wie dat it net te realisjerjen is benammen om dat de skatting fan de kosten sa ’n f 1000.- wie.
De hier foar it stik lân, dat foar dit doel hierd waard, is der nei ek mar opsein.

April 1908
It lidmaetskip fan de Fryske iisboun is krêftige lyk as de Keningklike goedkarring.
Yn 1911 wiene de ynkomsten foar de iisclub f 57.94½ útjefte f 20.25 it kasssaldo wie f 1916-17 der is foar it earst in greate riderij en dat wie foar brea riders, der binne 29 snelle riders op ôfkommen.
In earste priis wie foar, S. Castelein f 15,-
twadde , Y. Baarda f 10,-
trêdde, M.H.Castelein f 5,-
fjirde , B. van der Zee f 2, 50
De treastpriizen:
earste , Fr. Castelein,
twadde, H. Vi sser ,
trêdde, Spiekstra
fjirde, R. Nota.
Yn disse tyd hiene hja faek riderijen mei handicap en faeks wie der nei ôfrin in smûke joun bij Bok mei “nruziek, zang, dans en voorclrachrten”.
Op è gearkomst fan 12 desimber 1924 spruts de ponghâlder fan “ene in kas zijnde van f O,O9½ cent.
Yn 1924 stekt it langstmede kop ek wer op nei in eigen iisbaen, in ûnderhâldmei de V.V.V. is regele, mar hja binne net ta in útdragende saak kommen.
Bistjûr 1928-29: J. Jensma, S. de Boer, E. Vogels, R.Spoelhof, Tj. Dijkstra, F. Buren, J. Draayer, D. Westra en G. Swart.
Om ‘t d er net al to folle leden op ’e gearkomsten wiene is der bisletten om in ferlotting of sagelyks to hâlden as lokkebrea.
Troch it draeijen fan in rêd krigen hja in nûmmer dat rieden wurde moast, yn 1928-29 wie de winder J. Jorritsma mei nûmmer tolve.
Yn dit jier is der ek foar it earst bisyke om de riderijen to hâlden op it kanael (de put, hokker hjerrtmis apart reitfri j makke waerd) bij de sèdyk, oars waerd er riden op it spoardok of viskersfeart en op ’e Minnertskearster feart wie ek gjin útsûndering.
Men siet der tige oer yn dat de put sa ’n ein fan it doarp ôf lei, mar dit wie foar de minsken blykber gjin beswier, en der troch wie it in wiere útkomst.
De wedstriiden waerden oplústere troah Cresendo, die ’t net selden beferzen pompen spylje moasten.
1929 wie ek in lange winter fan janewaris oant en mei begjin maert.
Troch in stikje út it skrieuwen , “Tot Leedwezen "van alle oude sportbroeders kunnen ze nu niet spreken over ouderwetsche winters met hun lange levensduur en strenge vost” docht wol blieken dat der noch net in soad feroare is oangeande de strange winters.
Hwat fuortdaliks net wer barre sil is it folgjend stikje: “ In dit seizoen zijn zelfs twee grote elfstedentochten ondernomen”.
Der is hiel hwat bard yn 1929, in strange winter, en der wiene dan ek allerhande wedstriiden en tochten en safuorthinne. Riderij op 29 febrewaris 1929 yn trije klassen.

Jongste klasse: 1) W. Groeneveld ---------2) J.S. van der Zee
Middelste ,, ,, 1) S. Santema.------------ 2) Joh. Swart
Aldste ,, ,, 1) G. de Boer----------------2) D. van Marssum
Treast priizen 1) J. v.d.Veer----------------2)A. de Boer

“ Als unicum kan worden beschouwd dat de 71 jarige H.Heeringa meereed en dat het hem ook nog lukte er een af te rijden”.
“Tiisdei 7 febrewaris a1929, stikje út it skrieuwen”
Hardrijderij onder leden met dames om beurten in de slede, pas nieuw uitgevonden, wat een animo en wat is er gelachen, er namen 44 paren aan deel””
Febrewaris 1929 riderij foar froulju:

1) Trijntje Terpstra út Aldeboarn f 40,=
2) Jeltje Wiersma út Aldeboarn f 30,=
3) Lotje de Boer út Boarnbergum f 15,=
4) Dieuwke v.d. Meer út Giekerk f 7,50

193O: It boek fan de skriuwer wie wei, dus ek gjin skrieuwen.
Op 7 dec. 1931 is yn it bistjûr keazen dhr. K.P.Bonnema.
De feestjoun fan it 25 jierich bestean op woansdei 11 feb:
1932 bij Bok waerd forswoarge troch lt selskip “Lucas Hannema”, mei (stikje ut it skrieuwen “levensliedjes, komieke voordrachten en twee eenakters n.l. “Autopech”en ”Bedriegers, bedrogen” een en ander viel zeer in de smaak.
Yn 1932 waerd der in greate riderij út skreun nettsjinsteande dat “Het Bildt” tai waer foarsei, hwant der waerd blikens it skrieuwen op ‘e eigen waersprofeten fortrouwd, en forseine nog in echte winter.
Troch dit fortrouwen wie der noch al es in winter of wedstriid die "In het water viel”. <”p> 25 Janewaris 1933 “Schoolrijderij op het spoordok

Jonges 6 en 7 jier
--------------------------Famkes 6 en 7 jier
1) Gatse Bleeker ------------------------------ 1) Dieuwke Dijkstra
2) Bouke Dijkstra -------------------------------2) Elske Krotje
3) Corn. Jouwersma ---------------------------3) Neeltje Pasma

Jonges 8 en 9 jier -----------------------------Famkes 8 en 9 jier
1) Arjen de Vries ---------------------------------1) Ymkje Spoelstra
2) Sije Westra ----------------------------------2) Hiltje de Haan
-------------------------------------------------3) Sijke Reitsma

Jonges 10 en 11 jier------------------------------Famkes 10 en 11 jier
1) Jan Groendijk ----------------------------------1) Henny Postma
2) Rinse Pasma -----------------------------------2) Jantje Marssum
3) Marten Keuning
4) Leo Vogels

Jonges 12 en 13 jier ------------------------------Famkes 12 en 13 jier
1) Síetse de Vries -------------------------------- 1)Rinske de Valk
2) Pieter Bergsma---------------------------------2) Ynskje v/d. Veen
3) Siemon v.d.Zee ------------------Rinske ried op redens fan sa ‘n 75 jier âld.

De oare deis in leden wedstriid yn twa klassen op ‘e put”.
Aldste klasse ------------------------------------- Jongste klasse

1) Piet Keuning------------------------------------------ 1)Jelte S.v.d. Zee
2) Tjerk Dijkstra-----------------------------------------2) Minne Kamstra
--------------------------------------------------------------3) H.G. Hogenhuis
--------------------------------------------------------------4) Pieter Bosma

Yn it jier 1933 wiene “Het Bildt”en “de plaatselijke weerprofeten” it wer net iens.
Ofgeande op de saneamde waeprofeten is der toch in riderij útskreuwn foar mannen op 18 decimber.
(citaat) Met een bezwaard gemoed betrad ons bestuur de bewuste maandagmorgen de baan, aangezien de thermometer 1 graad boven nul aanwees.
Verder nog geen tekenen van dooi op ‘t ijs, maar we weten te goed dat bij dooiweer onze ijsbanen bij ’t kwartier slechter worden vanwege het hoge zoutgehalte hier(de put) ( in ‘t water) .
De riderij mei 30 diel-nimmers is toch noch goed ôfroun.
Fan 1934 Oant 1939 wiene der gjin winters fan namme west foar de iisbaen.
Wo1 wie der yn 1934 op 18 novimber nog in jubileum.
Ta it bijwenjen binne wy útnûge troch “Crecendo” dyt ’t op dy dei 40 jier bestien hie, en in kefet mei ynhâld wie de thank foar de bydrage dyt ‘t hja altiid forswoargen by wedstriiden.
Yn 1942-1943 is der mei it iisbistjûr in iisreveu op touw set mei sa ‘n 60 meiwurkers en is 12 kear opfierd.
Dit wie ta eare oan it 100 jierich bestean fan de iisboun.
It is opfierd 6 kear yn Tsjommearum (Wapen van Barradeel),1 kear yn Frjentsjer (Koarnbeurs) , 2 kear yn Berltsum (Hof van Holland), en 1 kear yn Harns (Schouwburg) en dat allegearre yn ‘e oarlog.
It forfier moast barre op fietsen mei cuschion of op bleate velgen en sûnder ljocht, wylst hja ek nog om 11 ûre binnendoar wêze moasten.
Tusken 1943 en 1945 wie it folop kriig en bin der om die reden ek gjin wedstriiden hâlden.
(citaat: “Om maar geen gelegenheid te scheppen, om onze mannen en jongens in handen van onze zo gevreesde en gehate bezetter te spelen”
En hja wiene doe ekris in kear bliid dat it net freer.

Oant 1948 is der net in knoarre bard, wylst der fan 1948 oant 1954 gjin skrieuwen is.
Efkes liek it der op dat 1954-1955 ek gjin winter bringe soe, mar yn lêst febrewaris 1955 koene hja nog in pear riderijen hâlde.
De skoalbern earst fansels, mar hjir nei in riderij foar froulju, mei priizen yn de A riderij:
fan 1. f 30,=
2. f 2O,=
3. f 10,=
Hwa ‘t neat wûn hiene krigen nog f 2,50 foar de muoite en in kopke kofje mei in broadsje nei ôfrin.
B. Rideri j
1. f 15,=
2. f 10,=
3. f 5,=
4 . f 5,=
De froulju binne faeks nei ôfrin nei hûs ta brocht troch bestjûrsleden mei in auto.
Yn 1956 is it ek yn febrewaris pas begûn to friesen en binne der toch nog in soad riderijen hâlden.
It wie net in lange winter mar tige gesellig.
Op 13 en 14 febrewaris snijde it sa ysbaerlik dat de moed hast opjown is, mar mei alleman is de snie forwidere en koene in pear banen makke wurde en is der op 15 febrewaris mei moai waer in skoalriderij hâlden tusken de 6 sterksten fan de skoallen út hiel Barradiel.
Op l8 febrewaris fan dat jier is der ek noch in froulju ‘s riderij hâlden,mei 10 dielnimmers.
Yn it plak fan yntrede te heevjen, hwat sahwat net koe, ging ja ek wol mei de pet roun, hwat faeks net ôfvoel.
De baenfageIrs dy ‘t sa spontaen oan it feijen west hawwe krigen foar har ynset in speltsje.
De musyk waerd no ek mei ferswoarge troch de hear Daan Marssum en Gerrit de Boer mei pick-up en forsterker.

Bestjûr 1956-1957
Foarsitter J.H. Santema
Skrieuwer K. P. Bonnema
Ponghâlder C. v.d. Laan
Sj. Terpstra ----A. Jensma
B.K. v.d. Weg---M.Miedema
M. Kamstra ----G. Terpstra

Op tongersdei 28 febrewaris 1957 is it 50 jierrich bestean fan de iisclub fiert bij J. v.d. Lei.
Der wiene ferskate sprekkers en in blijspul fan “Onno Swier” mei “Operaesje Japenga” waerd op geastige wize nei foaren brocht.
De joun is bisletten mei “geamuseerd bal en rock en roll.
Op 17 decimber1957 is de dhr. Tj. Dijkstra huldige foar syn 35 jierrich e ynset en in earemedalje is oan him útlange fan de Keningklike Nederlânske ridersbûn.
14 Maert 1958, bûtengewoane leden gearkomste mei as foarstel om ta de eventuele keap oer te gean fan twa stikken lânwer dan in iisbaen fan makke wurde moast.
It foarstel is mei algemiene stimmen oannommenen nei ’t der in stikmennich swirrichheden oplost binne ( yn forboan mei de lâanoankeap) lykene it no safierdat der in begjin makke wurde koe .
Yn 1958-1959 is der foar de lêste kear riden hâlden op ‘e put troch de iisbaen.
De nije iisbaen makke no al aerdich foardering en yn 1960-1961 wie de baen rydklear.
Op in sneon to middei is der út Olderberkoop in âlde needwenning helle en is letter ûnder lieding fan dhr. H.Bruinsma yn elkoar set.
Disse needwenning die tsjinst as bestjûrshokje en as klaeijromte.
De fyne ôfwurking komt ek op namme fan dhr. H.Bruinsma, dy dit die op sneons fan moarns ier oant jouns let by it ljocht fan in stoarmlampe.
Yn begjin janewaris 1960 hawwe hja earst 3 dagen ryde kinnen op in iislaeg fan sa ’n 3½centimeter.
Letter; 25 janewaris is der op ’e nij iepen stalt foar riderij foar skoalbern.
Op snein soe de baen ek iepen, en besletten is allinich foar de middeis en sûnder musyk.
Yn1961-1962, de Bokma beker is oer it ôfrone jiertiid útlange oan de iisclub “Tsjommearum e. o.”.
Dit is in wikselpriis dyr ’t útlange wurdt troch de iisboun oan dy forieniging, hokker him it meast ynspant ta befoardering fan de iissport.

28 decimber 1961 de offisiele iepening fan de iisbaen "Tsjommearum e.o.".
Nei earst in útstel (troch it waer) is der op disse dei foar it doarp in tige wichtige iepening bard.
Foar it bistjûr wie it in dei wer ‘t hja al sa ’n 55 jier nei ta wurke en nei útsjoen hiene, en no wie it dan safier, der foar alle hulde fansels.
It hat hiel wat wurk en spanning koste om disse dei slaslagje te litten.
Om 1 ûre, yn optocht trochit doarp op nei de iisbaen, mei De Bazuin, Crescendo en de drumband fan Minnertskea mei bistjûr, B en W âld bistjûrsleden en de ryders wylst de vlaggen oeral úthongen.
De iepening is ferjochte troch loco-boargemaster Faber hokker in lintsje troch knippe moast dat de tagong ôfslútte nei dat de musyk it Fysk Folksliet en it Wilhelmus spiele hiene.
Foar disse dei wie der in offisiele koarte baen riderij foar frourju útskreuwn, ta eare oan de rydsters binne hjir de nammen fan de 12 dielnimsters:

1. Tjerkje Visbeek --------------------- Hijum
2. Martha d.e Vries-Wieringa ----------------Franeker---------1ste prijs f 100,=
3. Nynke Gemser ----------------------------- -Franeker
4. H. Huizinga-Koopmans --------------------St. Jac. Par.
5. Sjoukje Dijkstra-Sinnema ------------------Mantgum
6. Weltje v.d.Veen ----------------------------Warga --------------------3de prijs f 60,=
7. Aukje Spiekstra -----------------------------Warga
8. Antje de Vies-------------------------------- -St. Jac. Par
9. Annie Schuurmans --------------------------Wijnaldum
10. Geertje v.d.Veen ---------------------------Oosterbierum
11. Sietske Broeksma --------------------------Tzummarum
12. Atje Deelstra --------------------------------Irnsum --------------------2de prijs f 80,=

De priizen binne útlange op ’e greate seal fan it Wapen fan Barradiel” hokker feestlik fersiert wie.
Op ‘e resepsje dy hjirnei folge wiene in protte minsken en forskate sprekkers hwerûnder Boargemaster Duker, bûnsbistjûrslid M.v.d. Schoot hokker disse gelegenheid ek mar nommen hat om C.v.d.Laan, Sj.Terpstra en K.P.Bonnema in ûnderskieding to jaen yn de foarm fan in spjeltsje om dat hja al langer as 25 jier yn it bistjûr plak nommen ha.
Fierdere sprekkers, v.d.P1oeg as foarsitter fan de iiswegen centrale, Baarda fan de iisbaen Seisbjirrum, Dok fan iisbaen St.Jac. Par., A. Brinksma foar Cresendo en o.l. skoalle, Meijer fan Rie, L.H.Vogels út namme fan it bankbistjûr, ‘t Hoff fan Heide Mij en noch in stikmannich.

De foarsiter betanke yn’t bisûnder dhr. Fokke Buren foar ynleverjen fan syn lân, dhr. Teakle Swart, noch as jinichst fan de oprjochters oanwêzig en dhr. Hans Bruinsma foar syn wurk, foaral oan it bistjrûshokje.
De forieniging telde yn disse tyd sa’n 550 leden.

Nei de resepsje wie der gelegenheid om to dûnsjen, wylst de baen ek noch iepen stalt waerd.
De oare deis wie it taiwaer en hat it dit jiertiid ek net wer fersen.
Yn ]97O hie it houten bistjûrshokje it sa swier to kryen fan de hurde wyn, dat der hwat oars komme moast en 1972 is der in stienen gebouwdsje kommen.
De lêste 10 jier lizze nog aerdig foar it forstoan en der om woe ik dat mar oerlitte foar it 100 jirrich bestean.

Skrieuwer fan de iisclub “Tsjommearum e.o.
Sj.F. Talsma
Kleasterwei 5
Ts j ommearum
Wurklist Ysbaen “Tsjommearum e.o.”

Tongersdei 14 Jan. 1982:
Slydjeije troch pearkes fan boppe de 16 jier.
De priizen wiene rollade ‘s, skonken troch Jan en Jikke.

1ste priis: dhr. P. Tuinman en fr. G.Spoelstra- v.d.Zee.
2de priist dhr. M. Reitsma en jufr.Janny Westra.

Moandeí 18 jan. 1982:
Estafette foar leden boppe de 16 jier.
2 manlju en 1 frommes. Mei as priizen, waerde bonnen.

lste priis: dhr. Tj. Geertsma en fr. P. Heeringa-Bakker en dhr. Hay Westra.
2de priis: dhr. M. Reitsma en fr. G. Spoelstra- v.d.Zee en dhr. T. Sinnema.
3de priis: dhr. D. Terpstra en fr. J, v.d.Zee-Hogenhuis en dhr. S. Heeringa

Tiisdei 19 jan, 1982:
Estafette foar bern fan 12,13,14, en 15 jie, 2 jonges en 1 famke, mei waerde bonnen as priizen.

lste priis: Jo Terpstra, Janny Meijer en Sjoerd Swart
2de priis: D. Terpstra, Arina Heeringa en Dirk Nbordenbos
3de priis: J. de Jong, Marga Miedema en Jan Talsma

Woansden 20 jan. 1182:
Estafette foar bern fan 6, 7, 8 en 9, 10 en 11 jier, 2 famkes en 1 jonge mei priizen waerde bonnen.

1ste priis: D. Jensma, Willen R. Teitsma en Afke Jukema
2de priis: T. Kroon, Reinout Monsma en Magreet Visser
3de priis: M. Janzen Doede Hettinga en Alie Jager
4de priis: lJ. v.d.Zee Feitze Talsma en Sandra Westra

1ste priis: Tieneke Hempenius en Willen van Dijk
2de priis: Ida AukJe v.d.Zee en Klaas Vlsser
3de priis: Anja Dora Swart en Johan Meroda
4de priis: Cornelia Grond en Leo Hak
5de priis: Donna Hak en Hans van der Schaar
6de priis : Klazien van der Kuur en Klaas Struiksma
7de priis: Ellen Kuiken en Marcel van Vliet
8ste priis: Alida Miedema en Sjoerd Age Hoogenhuis

Sa bin der wer hiel wat riderijen hâlden, en is dit Jubileum Jier wat dat oangiet tige slagge, wij hiene ús net better winter winskje kinnen.
De riderijen bin trochgeans aerich bisocht, aI hie bij de estafette foar bern fan 6,7, en 8 jier wol wat mear folk wêze kinnen.
It wie in prachtiche riderij yn dy klasse en it oansjen mear as wurdich.

De waerdebonnen foar de slydjeijerij bin ekonken troch it “Wapen fan Farradiel” en dat wiene in stikmannich relade’s, tige tank der foar.

Skrieuwer: Sj.F. Talsma.