9-9-1999 Door de bewoners van de Sinaedawei.

De Sinaedawei is de dyk dy't nei de seedyk rint, oant de Oosterbaanspôlle ta.
De dyk dy't ús by de moaie seedyk bringt.
De see mei alle rêst, mar somtiids ek mei balstjurrige weagen by stoarmwaar.
Dêr't kobben libje yn grutte kloften, om dêr harren fiedsel te finen.
Us seedyk mei de skiep, de rook fan skieppestront en it sâlte wetter.
Dêr't jûns de sinne wei wurdt efter de kimen en it wetter kleuret mei in djippe reade gloed.
"Het lijkt net een sprookje", sei in Brabanner dy't hjir mei frou en bern op'e kamping wie.
En as de pieren prate koenen, soenen wy hiele ferhalen te hearren krije.
Fan alle minsken dy't oer de stiennen rûn binne yn de rin fan de tiid.
De seedyk dy't in plakje yn it hert fan alle Tsjummearumers krigen hat.
Tsjummearum, ús doarp op 'e klaai, mei de romme flakten fan it Fryske lân.
Dêr't lytse sleatten in skieding meitsje tusken bou en greiden, it mais en blombollen.
En oan dizze blombollen ta rint de Sinaedawei mei de hûzen op ,e terp fan Oosterbaanspôle.
It wennet dêr frij mar betreklik ek ticht by it doarp.
De Sinaedawei, dêr't eartiids allegearre gemeentewenten stienen, mei fiif blokken fan twa op in rige.
En elts hûs hie wer in eigen ferhaal en elts húske hie syn krúske.
Om 1960, 1970 hinne wennen Reinder en Akke Kamstra op de ein, mei dêr neist Jan en Sip Miedema.
Dan kamen Auke en Doetsje Walda en Jan en Ruurdsje Westra.
It blok dêrneist waard bewenne troch Etsje Talsma, Jaap Douma en Reinold en Metsje de Valk.
Dan Rinske en Ale Pasma en Marten en Anne Terpstra.
Dêrneist Hinne en Geartsje de Haan, en de rigel waard sletten troch Rients Terpstra, de molkboer dy't dêr libbe mei syn mem Liesbeth.
En as wy no troch de Sinaedawei rinne sjogge wy oan de iene kant in rigel deselde hûzen, en oan de oare kant allegearre nije wenten, dêr't net ien gelyk fan is.
Dan kin men sjen dat hjir de tiid net stil stean bleaun is.
De tiid dy't hjoed de dei hieltyd wer rimpender wurden is, en minsken fleane as gekken en hast nearne mear tiid foar ha.
Want in wike is neat mear.
As minsken fan eartiids ús no seagen soenen hja grif mei de holle skodzje, want bygelyks tiid foar mekoar wie doe hiel gewoan.
En nim no Etsje dy't trou bleau oan in âlde tradysje, en fêst mei aaien en sinasappels kaam as der in poppe berne wie.
Frjemd dat in grut part fan dizze minsken net mear libje en skiednis wurden binne.
Ek skiednis is de namme Sinaeda (âlde stavering) dy't datearret fan om en de by 1500.
Yn de tiid doe't de klaai en savelgrûnen op 'e see oermastere waarden troch de muontsen (monniken).
Oan de Noardwest kant fan Fryslân wienen tal fan kleasters.
Ek yn Kleasterlidlum wennen 600 muontsen dy't harren burchten op 'e terpen tsjin fijân en wetterfloed hoedzje moasten.
Sa wie de famylje Sinaeda ek hierder fan de lannen fan de kleasters.
Yn 1577 binne de kleasters ôfbrutsen, neidat de muontsen ferdreaun binne.
Al it lân waard it besit fan de provinsjale oerheid en trochferkocht oan de adel.
Sinaeda hat doe in behoarlik stik grûn kocht.
Yn 1687 is doe de Sinaedastate boud, dêr't no de famylje Oosterbaan wennet.
Wy ha foarearst nea witten dat ús strjitte eins in aadlike eftergrûn hat.
En no yn it jier 2000 wenje hjir minsken mei harren eigen wize fan libjen.
Minsken dy't harren bêst dogge om harren plakje skjin te meitsjen en wat te betsjutten foar de mienskip op hokker wize dan ek.
De bern fan no dy't opgroeie mei kompjûters en rollerskates.
En wer hiel oars opgroeie as bvgelyks Etsje dy’t al rillegau fan skoalle moast om jild te fertsjinjen.
De bern fan, no dy't opgroeie mei de teletubbies en allegearre dreame fan in takomst mei moaie idealen.
En útsjen kinne nei safolle moais en weardefols.
Bern dy't noch foar it libben stean en yn ‘e takomst mei fallen en opstean in wize fine moatte om te oerlibjen yn in wrâld dy't net altyd myld is.
Bern dy 't no noch sûnder soargen libje yn de beskerming fan it doarp.
Krekt as de earmen fan heit en mem dyt harren hoedzje sille tsjin alle kwea.
Bern dy't krekt as alle minsken harren feilich fiele kinne hjir yn ús (aadlike) strjitte.

Geartsje Suierveld.
(mei tank oan dhr. Oosterbaan foar syn ynformaasje)