De Hearewei: in monumint.

"lt is in skandaal!" rôp de Hearewei my ta doe't ik my foar in petear mei dizze strjitte deljoech ûnder de lantearne op 'e grins tusken De Buffer en de Hearewei. "Hast wol sjoen wat de gemeente mei my fan doel is?" Ik moast tajaan dat ik op 'e foarljochtingsgearkomste west hie der't de rekonstruksje oan 'e oarder wie. “Ik mocht it wol lije," sei ik, "it wurdt moai fluorre mei klinkerts en sa." "Ja en do hast pleite foar parkearfakken, ha 'k begrepen," konstatearre de Hearewei. "Jo binne goed op 'e hichte," sei ik. "Ja, ik bin dan wol âld, mar noch goed by myn sûpe en stút." "Mar wêrom binne jo sa op de plannen fan de gemeente tsjin?" frege ik, "sa’t jo der no hinne lizze liket dochs ek nearne nei?" "lt hiele plan is in oantaasting fan myn weardichheid as trochgeande rûte fan Tsjummearum oer Furdgum nei Minnertsgea," ferklearre de Hearewei plechtich. "De gemeente wol ferkearsremmende maatregels yn my meitsje. En jimme wolle parkearfakken! Parkearfakken! En klinkerts! Ik ha al ieuwen lang de potinsje fan in autodyk. En wat dogge se? Se meitsje in klinkertdyk fan my! Minske, ik lykje wol in woonerf!" "Mar der wénje dochs ek in soad minsken," sei ik, "Jo binne dochs ek gewoan in strjitte?" "Ik ha rjocht op asfalt," spriek de Hearewei. "Mar ik fyn klinkerts wol moai," andere ik. "Zeer Open Asfalt Beton. Foar minder doch ik it net."

Ik tocht by mysels: dit wurdt sa neat. Wy moatte it oer in oare boech smite. "Dus jo binne al hiel âld," besocht ik. "Bisto net ien fan Pyt en Minke Bergsma?" frege de Hearewei. "Ja," sei ik. "No dan bisto hjir dochs berne en fan dyn heit hasto leard dat ik de alderâldste ferbining nei Furdgum en Minnertsgea bin." "Ik moat in stikje oer jo skriuwe foar it doarpskrantsje," sei ik. "En no wol ik graach wat fan jo hearre oer de minsken dy't jo kend ha. Hoe âld binne jo eins?" "Dat is in ûnfatsoenlike fraach; lit it foar dy genôch wêze dat ik al foarkom op de kaarten fan Schotanus yn 1600. En doe wie ik neffens minskebegryp al hiel âld.” "Mar dan kinne jo my in soad fertelle oer de minsken dy't hjir wenne ha," sei ik. "Der wennen eartiids net safolle minsken, der wiene eins allinne de pleatsen. Ik lei bûten it doarp. Der wiene hjir en dêr in pear huzen, bygelyks wer't jimme no wenje. Dat neamden se de Fleispôle. En fierderop de pleatsen der't no Goeman Borgesius en Wielinga wenje. Ik wie de haadwei en net in strjitte yn it doarp.” "Hoenear waarden jo dan by it doarp lutsen?" frege ik. "De earste gemeentewenten waarden boud yn de jierren tweintich op it streekje der't no Thys Zwalua, Jan Osinga en Pieter Tigchelaar wenje. Dêr wennen doe bygelyks Jan en Fetsje Prosje en Ale en Rinske Pasma en Sierk en Pytsje Haitsma. Bisto net mei ien fan Sierk en Pytsje troud?" skeat it de Hearewei yn't sin. "Ja, mei Fekke", sei ik, "mar der steane no dochs folle mear huzen?" "Ja, mar dat earste rychje hat dêr jierren iensum stien. Nei de oarloch binne yn 1948 en1949 de reade huzen boud, ek gemeentewenten." "Dat wiene destiids moderne wenten, tink," frege ik. "Ach welnee, ju. Tochtsto no wier dat se yn dizze kontreien modern wiene? Der siet dan wol in WC yn dy huzen, mar gjin baaikeamer. De iennige kraan yn it hiele hûs wie dy in 'e keuken. En allinne kâld wetter. De gemeente hie destiids mear each foar rangen en stannen dan foar hygiëne." "Hoesa?" frege ik ferheard. "No, jimme mem en Neeltje Meijer wenje no dochs yn dat iene dûbele blok mei keamers "en suite"? Dy wiene foar de skoalmasters, ien foar de iepenbiere en ien foar de kristlike skoalle. De gewoane man hie in keamer en in keuken en in efterdoar, de skoalmasters hiene in foar- en in efterdoar. Mar ek gjin baaikeamer, hear!" gniisde de Hearewei. "Mar it wiene dochs net allegearre gemeentewenten? frege ik. "Nee, oan 'e oare kant fan de dyk stiene al wat âldere huzen. Der't jimme no wenje wie in hiele rige ienkeamerwentjes en wer't Aaltsje Marssum wennet dat moat eartiids in pleats west ha. It foarein is wat jierren ferlyn ôfbrutsen." "Ja, dêr wennen Muoike Sjoerdsje en Sikke Jel," kaam my yn 't sin. "Och ja, en myn man syn muoike Aal wenne yn ien fan dy ienkeamerwentsjes." "Och fanke, dêr wennen noch folle mear minsken. De Weidema’s en de De Valken wennen der't no dy jonge húshâlding De Boer wennet. Jan en Sip Miedema ha der ek wenne en Lysbeth mei har dochter Oantsje."

It waard suver gesellich ûnder de lantearne. Wy hellen oantinkens op oan eardere bewenners. Oan Durk en Anne Sybesma en Ale en Kee de Haan, oan Ale en Anne Travaille, oan de Hinkema's en Piet Boersma. De bruorren Hamersma, Feitse en Pytsje Talsma, Jan en Ruudsje Westra. Wy waarden der suver wat mankelyk fan. "Hjir moatte wy mei ophâlde," sei de Hearewei, "wy kinne se dochs net allegearre opneame en de minsken fan hjoeddedei kenne guon minsken ommers net iens mear." "Kenne jo alle minsken dy't no oan jo wenje?" frege ik. "Fansels, ik bin hjir de konstante," sei de Hearewei net sûnder selsfoldienens, "jimme minsken libje mar koart, mar ik bliuw der altyd. Ik bin eins in monumint." "Ik woe yn it doarpskrantsje mar in opsomming meitsje fan alle minsken dy’t oan jo wenje," stelde ik út, "it moaiste soe wêze om se allegearre op ien grutte foto te setten, mar dat sil wol net slagje." "Dan wol ik der ek op," sei de Hearewei. "Ik sil sjen wat ik dwaan kin," sei ik doe't ik ôfskie naam. "En tink derom," hearde ik de Hearewei roppen doe 't ik al sawat by frou Meijer foar wie, "ast dy lju fan de gemeente sjochst: ZOAB. Foar minder doch ik it net! "

Martsje Haitsma-Bergsma, april 2000 Op de foto
Griet Vis (inmiddels overleden) met Martsje Bergsma later Haitsma in de kinderwagen op de Hearewei.
Het is zomer 1949.
Je ziet dat de bomen tussen de straat en het voetpad net zijn aangeplant.
De tuintjes voor de huizen zijn nog in een pril stadium: er is nog geen sprake van de latere ligusterheggen.
Het voetpad is nog mooi bestraat met klinkers welke later vervangen zijn door tegels.