Op de foto: Jeugd Swaerderwei 9-9-1999

1 Annemaaike Talsma
2 Thomas Telenga
3 Jacob Talsma
4 Kees Jouwersma
5 Willy de Jong
6 Annica van der Meulen
7 Nelly Jouwersma
8 Aldert-Karst Tjoelker
9 Maria de Haan
10 Klaas Marten de Haan
11 Pieter de Jong
12 Timon Reitsma
13 Tim Grond
14 Johannes Jensma
15 Cor Grond
16 Melvin Telenga
17 Hester de Jong
18 Akke Terpstra
19 Siegrid Reitsma
20 Francien de Jong
21 Jessica van der Ploeg
22 Gerarda Reitsma
23 Patrick Reitsma
24 Durk Terpstra

Niet op de foto: Thea Hogenhuis, Jelmer Bouma, Cornelis Jensma, en Gerrit Jensma.

Foto: Bastiaan Klootwijk.

Wa wenje yn 2001 no oan'e Swaerderwei?
Ut de Buorren wei sjoen rjochts earst de moai opknapte pleats op nûmer 2 "Hoeve Welgelegen" no it restaurant 't Koetshuis.
Op nr. 4: Pyt en Griet Looge.
Nr. 6: Hessel en Corry Talsma mei 2 bern Jacob en Anna Maaike.
Nr. 8 Kees en Lena Jouwersma, de bern binne derút.
Nr 10 Ane en Sjoukje v.d.Meulen, Anika is noch yn 'e hûs.
Nr.12 Tjeerd en Joke v.d.Ploeg. Sy hawwe it bedriuw Ploegro oan de oare kant op 1".
Nr. 14: Jouke J.Jouwersma en Tineke mei de bern Kees en Nelly.
Jouke is de soan fan Kees en Lena en Tineke dochter fan Klaas en Nel de Haan.
Nr. 16: Klaas en Iris Bouma, soan Jelmer is noch yn de hûs.
Nr. 18: Jan Tuinman, it is it hûs om de skuorre hinne.
Nr. 20: Is no de grientewinkel fan Henk en Klaarke de Haan, hja wenje selsop nr. 22 mei har bern Maria en Klaas Marten.
Hawwe in hôf mei fruchtbeammen - túnkerij en kassen.
Nr. 22a Wenje Klaas en Nel de Haan, hiene foarhinne dit bedriuw.
Nr. 24: Andries Terpstra en Klaske de Jong mei de beide bern Akke en Durk.
Nr. 26 Wenje Anna v.Krimpen en Simon Talsma, efter dit hûs op it lân binne de earder neamde munten fûn.
Nr. 26a Wennet Doet Haitsma, hat de hôven mei appel en parrebeammen oan beide kanten fan de Swaerderwei, soan Douwe helpt har op dit bedriuw.
Op de pleats, nr 28 buorkje Sipke en Klazien Dokter mei soan Berend.
Hja hawwe ek noch alwat hynders.

Wy geane no werom op nei it doarp.
Oan de rjochter kant is no in yndustryterrein kommen, "it Spoardykje"
Dêr wurdt festige Boubedriuw Fongers.
Noch net salang sitte dêr: De S.R.V. fan Hans en Agaath Voorduin.
Autopoetsbedriuw fan H.de Haan.
En fiskkwekerij fan Sjouke Steegstra en Roelike Gouma, it is in meervalkwekerij.
Grûnbedriuw Miedema en Zijlstra is yn oanbou.

Nr. 29 Wenje Ynze Kalsbeek en syn frou Berber Zwager.
Nr. 27 Harm en Klaske Schaper, Harm wurket al tiden by boubedriuw Fongers.
Nr 25: Durk Jepma wennet allinne, hy is sjauffeur.
Nr. 23: Pieter Jan Jouwersma, wennet ek allinne, is ynstallaasjemonteur, Gawalo.
Nr. 21 Wennet B. van Merode, is widner en wie eartiids timmerman, no 92 jier âld.
Hy hat fan 1937 oant 1940 de nûmers 29 , 27 , 25 , 23 ,21 mei syn broer boud.
Makke yn de oarloch al wynmûnen fan autodynamo's, men koe op dy wize noch in bytsje ljocht krye.
Ald bakker Chr. Bandsma hie it folgjend rymke foar him makke, Merode brûkte dit as advertinsje: Dagetijks waait er een grote stroom energie over uw dak.
Benut die kracht, dan heb je fannode: J.B.van Merode.
Voor een goede Propeller
Ze zijn er niet sneller.

Hy wie syn tiid fier foarut.
Nr. 19 Wenje Joh.Dijkstra en Amarens.
Nr. 17 Henk de Jong mei syn frou Tine Machiela en harren 4 bern Pieter, Willy, Francien en Hester.
Nr. 15 Hillebrand Klaver en Arja Veenstra.
Nr. 13 Teie Jasper Travaille, is no widner.
ls noch altyd warber op it stikje lân neist nr.26.
Nr. 11 Johan Hogenhuis en Nynke Postma.
Nr. 9d Wenje Tjerk en Jannie Jensma mei har 3 bern Cornelis, Gerrit en Johannes.
Nr 9c Aldert en Greetje Tjoelker mei harren soan Aldert Karst.
Nr 9b Jan en Eke Grond mei 2 bern Cor en Tim.
Nr. 9a Marten en Jikke Reitsma en 4 bern Siegrid, Timon, Gerarda, Patrick' Nr. 9 Berend en Alie van Merode, hja hawwe in "Doe het zelf garage.
Nr. 7 Gradus Hempenius wennet allinne.
Nr. 5 Willem en Tetsje Telinga mei Thomas en Melvin.
Nr. 3 Widdo Ietsje Plantenga mei soan Pieter.
Nr 1 Klaas en Foekje Heslinga, ferkeapje aaien fan skarrelhinnen.
Nr. 1 is no it bedriuw Ploegro.
Dit gebou is eartiids set foar Transportbedriuw de Jong en Jouwersma troch Wetterauw.
Lânbou-mechanisaasjebedriuwen fan Th.Zwalua en ek van Dijk hawwe hjir yn sitten.
Nr. 1d Is de bungalow, sette litten troch Jan en Liep Tjallingii, no bewenne troch Freerk en Akke Jaarsma.
Binne beide al oer de 80 jier, mar Freerk hat de tún altyd prachtich yn bloei.
Nr 1a Is it nije hûs fan Hans en Durkje Visser, stiet foar de saneamde bolleloads, eartiids waarden hjir bollen droege en peld.
Nr. 1f Is it nije hûs by de loads fan Ploegro, dêr wenje Pieter en Stella v.d.Ploeg mei dochter Jessica.
Nr. 1c Wenje Simon en Boukje Mollema, Simon wurke eartiids op’t kantoar by Althuisius, de beide huzen wiene ek fan dit bedriuw.
Nr 1b Stiet op dit momint leech.

De nûmers 4,6,8,10,12 en 3,5,7 binne yn de tweintiger jierren sette litten troch ds v.d.Veen en waarden troch de Tsjummeammers wol Veenhuzen neamd.
14 en 16 Binne set yn 1907 troch J.K.Rienks, dy wenne doe op Hoeve Welgelegen.
It lân dêr't de huzen op set binne wie eartiids in hôf.

Der binne yn 1951 opgravingen west op 'e Swaerderbuorren en hja hawwe doe 16 skeletten bleatlein, werfan ien bern.
Ek fûn men in hierkamke, soe fan it jier 700 wèze kinne.
Dit grêffjild is bleatlein ûnder tafersjoch fan de Rijksdienst voor oudheidkundig onderzoek Prof. v. Giffen en Drs. Halbersma hawwe hjirmei dwaande west.
Der stiene doedestiids 2 dûbele arbeiderswenten en oan de eastkant wie dit grêffjild, oan 'e noardkant fan de dyk nei Minnertsgea stiene de wenten.
Tsjinoer de pleats dêr't eartiids de fam. Germ Swart wenne en no de fam. Dokter.
De huzen binne letter ôfbrutsen.
(ynf. fan frou Siet Santema- Swart, hja wenne doe op'e pleats).

Kees Jouwersma.