De weg naar Minnertsga omstreeks 1920. Achter deze woningen was de Tzummarumer Ooft- en Groentetuin gevestigd. Deze tuin werd Koningstún en later Vogelstún genoemd.

Willem Koning, berne 14-9-1842 Sint-Japik, stoarn 22-12-1922, trouwde yn 1864 mei Lysbet Wassenaar, berne 8-12-1842 Sint-Japik, stoarn 16-8-1916.
It pear hie 3 bern.
Willem Koning wie boer op de “Noorderhoeve” (der’t nou Jan de Vries wennet), sette him op 1-11-1900 nei wenjen yn’t hûs dat letter de Herv.Pastorij wie.
Hij kocht dèr groun en stifte de “Tzummarumer –Ooft en Groententuin” ( Emile Vogels naem letter dit spul oer) op it plak, der’t nou de Sporthal, Swimbad en Rekreasjeplak binne.
Forneamd wie syn saneamde Beisopsierderij.
Koning waerd ek gemeente-untfanger.
Yn it maetskiplik libben naem hy ek in great plak yn.
Siet yn boerenorganisaesjes, wie mei-oprjochter fan de Rederikerskeamer “Onno Zwier van Haren, foarsitter fan de foriening “Tot Nut van het Algemeen”, siet yn it Hynstefúns en wie mei-oprjochter fan it Búterfabryk (1887).
Wie riedslid en tsjerkefàld.