Kleasterwei 4: situatie 9-9-1999.

Hjir wenje Sjoerd Talsma (49), Tineke Talsma-Smidts (44) mei Tynke (20), Syta (16) en Maaike (13).
Sjoerd is ûndernimmer en Tineke wurket as bejaardenfersoarchster yn Nij Bethanië.
Tynke giet nei de HEAO-MER yn Grins en docht as ôfstudearrjochting Makelaardij.
Har hobby is volleybaljen.
Syta docht de oplieding Sociale Dienstverlening oan it Fryslân Kolleezje yn Ljouwert.
Har hobby's binne Hoorn spylje by de Bazuin en volleybal.
Maaike sit yn 'e twadde klasse fan de A.M.S. en hat as hobby reedride en saxofoan spylje by de Bazuin.
Sjoerd is berne op de Kleasterwei as soan fan Feitze Samme Talsma en hat altyd wenne op it selde hoekje.
It âlde stee is allang ôfbrutsen (stie efter it hûs dêr 't no de fam. Wassenaar wennet, Kleasterwei 5.
Earst is it hûs op Kleasterwei 5 boud, dêr hawwe hja l2jier wenne.
Yn 1989 is it hûs ûnder de grûn boud mei muorren fan sa'n dikte fan 45 sintimeter en modder op it dak.
It is dêr tige smûk wenje en simmerdeis lekker koel.
De opperflakte fan it hûs is goed 300 m2.
Yn 'e rin fan de tiid is der in soad feroare, sjoch ûnder oare mar nei plan Noard, mar it foldocht de fam. Talsma tige, dêr,t hja no wenje.

Kleasterwei 5:

J.wassenaar (74); P.M. Wassenaar-Bierma (70).
J.wassenaar was akkerbouwer aan de Hornestreek op Atsma sathe.
1 november 1988 zijn zij komen wonen op de Kleasterwei 5.
Hier vonden ze een mooi gerieflijk huis aan de rand van het dorp.
Het huis is gebouwd in 1977 door Sj.Talsma, waar de fam. Talsma eerst heeft gewoond.
Het bevalt hen prima op de Kleasterwei.
Dhr. wassenaar houdt veel van tuinieren, wandelen, fietsen en leest ook graag.
Mevr. Wassenaar heeft als hobby handwerken, quilten, puzzelen,lezen en fietsen.