Westerbuorren 11
Voor 2000.
Piet en Erna Jansen met hun kinderen Jeroen en Sander.
Vorige bewoners: Johannes en Anna Haakma Hogerhuis.
Het huis is gebouwd door de heer Lolke Postuma, die had hier in dit pand een kruidenierswinkel, hij heeft jarenlang gevent met paard en kar.

Westerbuorren 13.
Jan en Willie van der Wal-Buren met hun kinderen Marja, Jelmer en Mariet.
Daarvoor Jaap en Janke Westra-Plantinga, fam.Talsma en gebouwd door D.Kloosterman.

YN PETEAR MEI: JAAP WESTRA

As ik westra opsykje yn syn hûs oan 'e Westerbuorren 13, komt it stabijke my al fleurich temjitte.
It hûntsje hjit fan Gurbe, sa kom ik te witten, en de âld baas is der tige wiis mei: "ik moat al in hûntsje om my hinne hawwe" , fertrout er my ta.
Jaap Westra is berne op 23 oktober 1903 yn 'e Westhoek ûnder St Jabik, as soan fan in lânarbeider.
Hy hie noch in âldere broer en in jongere suster.
Syn jeugd hat fan grutte ynfloed west yn syn libben.
De ferhalen dy't er fan syn âlden hearde oer 'e sosjale misstannen yn dy tiid lieten by him in djippe yndruk achter.
Yn it bysûnder de ferhalen oer 'Broedertrouw', dêr't syn heit en mem ek lid fan wiene.
Yn 1898 nammentlik organisearren de arbeiders harren yn ‘Broedertrouw', in beweging yn 'e Westhoek dy't opkaam foar de belangen fan 'e arbeiders.
It gong bytiden hurd tsjin hurd.
De ferskriklike tastân ûnder de arbeiders wie de reden dat in soad minsken út 'e Westhoek lid waarden.
Yn 1909 giet Jaap nei de legere skoalle.

“Ik wit noch dat wy in feestje hiene, doe’t Juliana Benne waard, derlnaw haw ik noch in medalje fan".

Yn 1912 ferhúzet de húshâlding fan't Bildt, earst nei Rie, dat duorre lykwols mar in jier, doe kamen de Westra’s yn Furdgum te wenjen.
Jaap gong dêr ek nei de legere skoalle.
Graach hied er nei de legere skoalle trochleare wollen, mar dat wie no ienris net weilein foar in arbeiderssoan.
Sa kaam er dan as jonge fan in jier of trettjin telâne by de âlde Tuinhof , op 'e pleats dêr't no Huizinga wennet.

“In earmoedige tiid, it wie allegear skraabje, skraabje.
Ik fertsjinne doe in stoer yn ‘e oere, 60 oeren moast ik dwaan om trije gûne wyks te meitsjen.
As it min waar wie hiene je neat.
In syktewet wie der doe ek noch net, dy kaam der krekt yn 1922.
WoI bestie der doe in lyts sikefûnske yn Furdgum.
Wyks betellen je in dûbeltsje; as je siik wiene koene je dan 6 wyken lang 3 gûne wyks barre.

(Westra hat dêr letter ek noch foarsitter fan west).

As arbeider moasten je allinne arbeidzje en hiene je net in miening, sa wie dat doe.
Je koene je mar stilhâIde, as je opstannich wiene, waarden je oan'e kant reage as se it lappe koene".

Westra hie lykwols wól in eigen miening, en syn libben lang hat er der alles foar dien om it lot fan'e arbeider te ferbetterjen.
De persoanen fan Domela Nieuwenhuis en Troelstra sprieken him tige oan.

"Ds van Veen, dy't hjir yn Tsjummearum stien hat, hat wolris tsjin my sein: Man, man, denk om je huishouding!
No, mar dêr tocht ik wol om".

Oan it begjin fan dizze ieu organisearren hieltyd mear arbeiders harren.
De suvelarbeiders it earst, letter kamen de feanarbeiders en túnders der ek by.
De lânarbeiders folgen it lêst.
Yn it begjin fan 'e tweintiger jierren waard der wakker staakt yn dizze omkriten.
Doarpen as Rie, Doanjum, Winaam en Boer hiene al in organisaasje fan lânarbeiders, en hellen troch harren aksjes de kastanjes út it fjoer foar de oare doarpen.
De Furdgumers wiene fan betinken dat yn harren doarp ek in ôfdieling fan 'e lânarbeidersbûn komme moast.
Dat slagge yn 1925.
Westra kaam yn it bestjoer as ponghâlder.
Yn 1927 kaam der yn Tsjummearum ek in ôfdieling fan 'e grûn.

"Fan 1925 ôf sit ik no al yn it bestjoer fan ‘e bun.
Ferline jier ha se my wer sa’n spjeld en dutten en datten jûn.

Mei ' t Westra ek al ponghâlder wie foar de SDAP Tsjummearum- Furdgum hied er wol drokte.
Hied er dêr wol tiid foar?

"No, ik ha wol wat ôfflein om al dy kontribúsjes op te heljen.
Ik haw it wol hân dan wie ’k 'sneins ek noch oan’e gong".

Demonstreare hat er ek wol oan mei dien.
Bgl. tsjin 'e 'Vlootwet' yn Amsterdam, tsjin it militarisne.
('wy hiene noch nea earder yn Amsterdam west". )
En yn '39 demonstraasje yn Den Haach, tsjin it faksisnie.
Westra krige ferkearing mei Janke Plantinga, doedestiids tsjinstboade by Albert Rienks.

"Der wiene doe minsken dy’t it tsjinn har wol hiene oer:'dy reade feint fan dy' as hja my bedoelden", laket Westra.

Mar yn 1927 waarden de lapen gear smiten.
It jonge pear woe doe graach yn Furdgum wenje, yn ien fan ‘e tsjerkewenten dêre.
Hast alle wenten wiene doe nammers fan ‘e tsjerke.
Of it no kaam om't Wesrra yn'e eagen fan'e tsjerkfâden wat téfolle op hie mei it sosjalisme , of om' t er (noch) gjin lidmaat wie, in kâns op in húske fan'e tsjerke hied er yn alle gefal net.
Letter kamen hja te wenjen yn in wente dy't hearde by de pleats fan Piter en Atsje Boomsma.
32 Jier binne hja dêr wenjen bleaun.
Krekt salang hat er ek as arbeider wurke op 'e pleats fan Hettinga, doe noch yn eigendom fan Klaas v.d.Weg, letter fan syn soan Bauke.
Nei dat lange skoft fan arbeidzjen krige Westra samar dien.
Fiif fan 'e njoggen arbeiders wie gjin wurk mear foar.
De oarsaak wie de mechanisaasje yn 'e lânbou, de masjine en trekker namen langer it wurk fan 'e arbeider oer.
Westra hat doe noch in skoft as los arbeider de kost fertsjinne.
Ierappel sykje, blombollen sykje oer 'e ôfslútdyk en ek wol yn 'e wurkferskaffing.

"Wy moasten dan yn 't slik.
Lân oanmeitsje achter de seedyk.
Jo stiene dan oan't de hoksen of noch djipper yn it slik".
Fan 1948-1958 wie Westra notabel (hy wie doe al doopt en lidmaat)
Westra's eagen glimme ûndogensk as hy dit ferhaal docht.
"Ik wie de earste arbeider dy ’t notabel waard.
Earder wie dit allinne weilein foar boeren.
In gernier koe ek noch wolris notabel wurde, mar in arbeider net.
Furdgum hie doe noch in aparte tsjerkfâdij en in grut besit.
Fan'e fakbeweging út waard it tige oanmoedige dat de arbeiders ek ynfloed yn ‘e tsjerke krigen”.

Hoe dan ek, Westra waard notabel, ek hat er noch 14 jier âlderling west.
Sûnt 1944 hat er lid west fan'e 'blauwe knoop' sa't wy it neame.
Ek wied er bestjoerslid, as. ……..? Ponghâlder fansels.

"Yn Tsjummearum wei in hiele moaie hielûnthâldersferiening, prachtich wie dat.
Offisjeel is dy noch net ûntbûn, mar spitgerôch wol fersleauke.
It is nuver, mar de minsken wolle net mear.
Wêrom’t ik lid wurden bin?
Yn dat âlde kroechje yn 'e Westhoek sieten n protte arbeiders te drinken, al hoe’n bytsje jild hja ek hiene.
Se fertsjinnen gjin bliksem, dus it jild dat útjûn waard yn ‘ e kroech waard de húshâlding ûntstellen.
Net dat ik harren feroardiele wol, hja hiene doe oars ek hast neat, mar as je stride foar in better lot fan ‘e arbeider , meie je soks net lizze litte.

Yn 1958 komt der in grutte feroaring yn it libben fan Westra en de frou.
Twa bern hiene hja, in soan en in dochter.
Dochter Rinske, dy't yn 1955 troud wie mei Hans Bruinsma, waard slim siik en kaam yn 1958 te ferstjerren, noch mar26 jier âld.
Yn 1957 hiene hja noch in famke krigen: Janke.
Westra en de frou hawwe it famke, dat noch mar 9 moanne wie, ûnder har hoede nommen en fierdersoan as harren dochter opfieden.
Dat er tige wiis mei har is, is út syn praat wol te fernimmen.
Twa Jier hawwe hja doe noch by Hans ynwenne, doe binne hja nei de Westerbuorren ferhuze, dêr’t Westra no noch wennet, sûnt 1982 allinne, it jier dat syn frou Janke ferstoarn is.
Soan Piet wennet no al wer sûnt jierren mei syn frou Marie yn Heerhugowaard.
Hja hawwe fjouwer bern krigen.
Kin er no de dei noch wat omkrije?

"O ja hear,ik haw o sa’n nocht oan Lêzen, dêr bin ik gek op.
Benammen oer ‘e polityk.
Ek haw ik it noch drok mei itensieden.
Hàns komt hjie ek noch alle dagen te iten".

Jaap Westra, in maklik libben hat er net hân, dochs strielet er noch in grut optimisme út.
n man dy't o sa'n soad foar in oar út 'e wei set hat.

"Je moatte ek in ideaal hawwe.
As jo gjin ideaal yn jo libben hawwe binne je ommers neat!
Myn ideaal Lei op sosjaal gebiet, om de minsken op in heger plan te krijen, dêr giet it hjir om!"

febrewaris 1991------------interview: geartsje van dyk.