Voorbij maar niet vergeten.

Foarbij mar net fergetten,
Tinzen gean noch faak tebek.
Sjogge noch de âlde húskes
It swarte hok mei ’t âlde stek.

Jûns foar betiid moast de fisker
Eagje oer it wiide Waad
Dêr lei syn boat en stiene fûken,
Yn’’e rigele,elk sym paad.

Tôgje mei de sulv’ren hearrings,
Binnen fol oer’t glysterich strân.
Tuskentiids noch tige dwaande.
Op in hoekje fruchtber lân

Alles is feroare,
De see is bleaun, de blauwe loft.
It duorret mar in hoartsje.
De tiid dy hâldt gjin skoft.

It neiteam giet wer fierder.
Ek it tôgjen dat is dien.
Hjir en dêr driuwt noch in boatsje,
De âlde fiskers binne gien.

Gedicht fan Jan Haijes Westra.
Tzummarum

foto: Wiep van der zee.