Bij de Foto: Dit is een “dranksteed”, een gegraven bassin, waarin de boeren hun landbouwwagens konden wassen en waarin het vee gedrenkt kon worden.
Drie van deze “dranksteden”verdwijnen door de dijksverhoging.
Zal het waterschap straks een nieuwe laten graven?

Moatte alle dykshúskes ferdwine sûnder dat ferline fêstlein is?
,, Witte joh wat in dranksteed is?” sa frege ús okkerdeis de hear G. Elzinga, fan de ,,âldheidkunde”.
Wy Seine: ,, dat sil wol in kroechje wêze”.
In dranksteed is in soarte fan fiver of dobbe yn de Bierrumen, mei in stek der omhinne mei in stiennene flier en in ynrit en in útrit, dêrt’t it fé ut drinkt, mar dêr’t ek wolris weinen yn skjinbjind waerden”, wie it andert fan de archeolooch, dy’t yn Fryslân thús is as gjin oaren en dy fuort ré wie om ús sa’n dranksteed sjen te litten.
Net ien mar trije.

Nou mienden wy oars, dat wy de Bierrumen ek wol in bytsje koene , mar né, dy dranksteden wiene wy altiten finael oan foarby riden.
It die bliken, dat der tusken Koehoal en Ropsyl yndied trije fan sokke ,,ynstallaesjes" to finen binne.
Elk dranksteed (by drank moatte wy net oan sterke drank tinke, mar oan it Hollânske ,,drenken", liket ús ta) leit oan de lânskant fan de sédyk, of leaver tusken de wei lâns de dyk en de dyksfeart yn.
Yn deselde streek dus as de dykshúskes.
Dy berm is dêr tige breed en sa wie der romte genôch om in greate rjochthoekige dobbe to meitsjen mei in skeane ,,delreed" yn de iene koarte kant en in like skeane ,,opreed" oan de oare side.
De dobbe sels is fluorre met klinkerts of balstiennen en omjown fan in stek.
By it moaiste foarbyld is binnen yn it stek, op de iene hoeke, in soarte fan hynstestâl makke: trije ,,boxen” fan latten en peallen, dêr 't de hynders salang yn stean koene.

Alle trije ,dranksteden" sjogge der kreas út en wurde fan it wetterskip goed ûnderhâlden.
It is dan ek tige spitich, dat se skielk damme wurde moatte omdat de sédyk heger en dus breder wurdt.
Mar faeks lit it wetterskip wer nije grave.
Nammers, it is like spitich, dat troch dit greate en nou ienris needsaeklike karwei al dy âlde en soms ek wol hwat minder âlde, mar altiten skildereftige húskes hokjes en skuorkes mei stekken en peallen sloopt wurde sille en dat ek de faken aparte brêgen (in soarte fan heechhout) fordwine moatte.
It mei dan sa wêze, dat hjir mar in bytsje echte,,monuminten" tusken steane, as gehiel hat die hiele streek fan Harns oant Koehoal krekt troch syn fiskershúskes, boerespultsjes, arbeiderswentsjes, allegeare fan in ienfâldige, mar tlge eigen architektuer, in aparte sfear, dy 't dan ek gauris fan kunstners fêstlein is.

Dat kin skielk net mear.
Alles moat oan'e kant en as wy in jiermennich fierder binne, sil der in keal nofteren stik moderne ,,zeedefensie" lizze, dêr ’t nou de amme fan it forline noch súntsjes oerhlnne giet.
As der ien ding spitich is, dat Fryslân noch altiten gjin iepenloftmuseum hat - hoe stiet it der eins mei, Kommisje fan it Frysk Genoatskip? -, dan is it om 't der nou neat fan ,,de sédyk" foar de neiteam biwarre bliuwe kin. Ommers, hwa sil it materiael fan de húskes en skuorkes salang opbergje âs der mei de tiid al ris hwat fan san museum tolânne komme mocht?

Mar ien ding kin der dien wurde.
En ús tlnkt Genoatsklp en Akademy (en nim de Friese Bouwkring der ek mar by) moatte dêr sa gau mûglik oer gear: dat is it fotografearjen, tekenjen, opmjitten en op papier fêstlizzen fan it stikje âld Fryslân dat mei gauwens yn de séwyn leit to huverjen foar it gewelt fan hammer , en bile, brekizer en knyptange.
Der moat in folsleine dokumintaesje komme.
Ja, dy hie eins aI lang tarist wurde moatten..
Mar it is noch net to let!
L.C. 19 maart 1966.